Frisia Food ûnder tafersjoch

Plomfeeslachterij Frisia Food yn Haulerwyk stiet ûnder ferskerpe tafersjoch fan in Russysk ynspeksjeburo. It giet om Rosselkhoznadzor, dat is fergelykber mei de Nederlânske Voedsel en Warenautoriteit. Dat meldt de webside Boerderij.nl. It fleis dat troch Frisia Food levere is, soe in te heech kymgehalte ha. Der wurdt no ekstra op kontrolearre.
Ek in grut tal oare slachterijen hat in warskôging krigen en stean ûnder ferskerpe tafersjoch. It giet om slachterijen út de hiele wrâld.