Geurts foarsichtich oer kânsen
De Nederlânske fuotbalfroulju spylje snein harren twadde pûlwedstriid op it Europeesk kampioenskip yn Sweden. Noarwegen is de tsjinstanner en in oerwinning soe de froulju tichtby in plak yn de kwartfinale bringe. Dat komt ek troch it goeie resultaat yn de earste wedstriid, want topfavoryt Dútslân waard op 0-0 hâlden. Keepster Loes Geurts fan Hichtum bliuwt lykwols foarsichtich: 'Het gelijkspel tegen Duitsland is mooi, maar we hebben nog helemaal niks.'