Man oanhâlden foar fernieling

In man fan 34 jier út Koatstertille is sneontenacht oanholden yn Drachten foar fernieling en bedriging. Hy soe oan de Eibertsbek tsjin de auto oantrape ha fan in 20-jierrige man út Bûtenpost. Ek soe er dizze man bedrige ha. De fertochte sit fêst. De plysje ûndersiket de saak.