Skachten yn parkeargaraazje

De bou fan de parkeargaraazje ûnder it Raadhuisplein yn Drachten sjit goed op. De ferdjippings binne allegear al boud en sneon wurde alle skachtkanalen pleatst. Dy binne wichtich foar de lucht yn it gebou. It giet om in grut kanaal fan 2,40 by 2,40 dat sa'n fiif meter lang is. De skacht wurdt pleatst troch Gebroeders Meijer Luchttechniek.
Nei ferwachting giet de parkeargaraazje yn Drachten noch dit jier iepen. De nijbou op it Raadhuisplein hat freed it heechste punt berikt.