Fertraging akwadukt yn Heak

© Omrop Fryslân
It wurk oan it akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal troch rint moannen fertraging op. It akwadukt is ûnderdiel fan de Heak om Ljouwert. De oplevering fan it akwadukt soe yn juny 2014 wêze. Mar sa's it no liket kin it ferkear der pas yn oktober gebrûk fan meitsje. It projekt rint fertraging op omdat gebrûk makke wurdt fan in oare boumetoade.
De provinsje giet der wol fanút dat de hiele Heak om Ljouwert ein 2014 neffens planning klear is.