Boargemaster Vd Berg bliuwt

Boargemaster Wil van den Berg fan Ferwerderadiel is opnij foar seis jier beneamd as boargemaster fan Ferwerderadiel. Hy giet syn tredde amtstermyn yn. Mei yngong fan 1 augustus is Van den Berg by keninklik beslút werbeneamd.
Fanwege de ûnwisse bestjoerlike takomst fan de gemeenten yn Noardwest-Fryslân, is it de fraach oft Van den Berg syn hiele termyn ôfmeitsje kin.