Rêdingboaten minder yn aksje

Rêdingsboat KNRM © Omrop Fryslân
Lanlik hiene de rêdingsposten fan de Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij ferline jier in drokke simmer, mar op de Fryske rêdingposten wie it minder drok as oars. Dat docht bliken út de jiersifers fan de KNRM. Yn Fryslân moasten de rêdingboaten 561 kear yn aksje komme, ferline jier wie dat 576 kear, it jier dêrfoar 625. De rêdingboaten fan Hylpen en It Amelân binne it meast drokbeset, dy kamen 101 kear en 125 yn aksje. It grutste part fan de rêdingsaksjes wie nedich by stoarmwaar, mei wynkrêft seis en heger.