Welcome to the Village is rûn

It folsleine programma fan Welcome to the Village is bekend. Yn it lêste wykein fan july wille 72 acts yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert optrede. De organisaasje hie ynsetten op 50 acts, mar gie dêr dus royaal oerhinne. Diels giet it ek om saneamde gearwurkingsfoarmen. Sa sil bygelyks Nico Dijkshoorn in poadium gearstalle mei skriuwers en dichters.
Oant no ta hat it festival goed 1300 wykeinkaarten ferkocht. Hope wurdt op 2000 oant 2500 besikers op 26, 27 en 28 july.