Tsjûgen fan oanriding socht

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding sneintemiddei op de Ljurkstrjitte yn De Westereen. Dêrby rekke in 24-jierrige man út Koatstertille ferwûne. De man ried op syn skooter en waard rekke troch in blauwe Opel Astra. De bestjoerder dêrfan moast útwike fanwege wurk oan de dyk, mar rekke dochs it slachtoffer dat ûnderút gong. Nei it ûngelok ried de automobilist troch.
De plysje komt graach yn kontakt mei de bestjoerder fan de auto of tsjûgen fan it ûngelok. Dat kin troch te beljen nei 0900-8844 of Meld Misdaad Anoniem: 0800-7000.