Hoarnestreek moat net breder

De smelle dykjes by Easterbierrum, rjochting Hoarnestreek, moatte net breder makke wurde. De doarpen ha gjin ferlet fan racebanen yn it gebiet. De bewenners wolle dat der passearstroken oanlein wurde foar it lânbouferkear. De ferbreding is oerienkommen yn it 'Gebiedsplan NW-Fryslân', troch Frjentsjerteradiel, Harns, de provinsje, it Wetterskip Fryslân, de sâltfabryk Frisia, Vermillion Oil&Gas en de doarpsbelangen. Nei hast tsien jier praten leit der no 46 miljoen euro klear om yn NW-Fryslân te ynvestearjen.
De doarpen wolle sa gau mooglik mei wethâlder Twerda fan de stjoergroep om de tafel.