Easterwâlde bliid mei krúspunt
De ynspraak fan omwennenden fan de krusing by Easterwâlde-Súd yn de N381 hat holpen, want de provinsje lûkt seis miljoen ekstra út foar it ferdjipt oanlizzen fan dy krusing. Dat kin omdat in oanbesteging fan in oar part fan de N381 hiel geunstich útpakt is.
De bewennerskommisje hiel bliid mei de meidieling fan deputearre Sietske Poepjes dat it plande fiadukt der net komt. Foaral omdat dêr in soad lûdsoerlêst fan ferwachte waard.