Haadsponsor Cambuur bliuwt oan

Cambuur wint mei 4-0 fan Emmen © awfoto.nl
Bougroep Dijkstra Draisma bliuwt oan as haadsponsor fan SC Cambuur. It bedriuw hat it sponsorkontrakt mei trije jier ferlingd. De namme fan Dijkstra Draisma stiet noch ien seizoen op it shirt fan de Ljouwerters, dêrnei wurde se ko-sponsor.
It boubedriuw, mei fêstigings yn Dokkum en Boalsert, wie de ôfrûne trije jier ek al haad- en shirtsponsor fan Cambuur.