Nij dûnsfeest yn Snitswike

De sfearfolle iepening fan 'e Snitswike yn it sintrum fan Snits © Jan Douwe Gorter
Yn de Stedstún fan Snits is dit jier yn de Snitswike in nij dûnsevenemint: Garden of Dance. Fan 3 o/m 8 augustus kinne besikers fergeesalle jûnen bekende Nederlânske dj's yn aksje sjen. It giet ûnder oare om The Partysquad, Yellow Claw, Alvaro en Chocolate Puma. Der is romte foar sa'n 2000 minsken.
Yn it ramt fan it 400-jierrich bestean fan de Wetterpoarte wurdt de earste edysje fan it festival hâlden op in poadium yn de foarm fan it Snitser bouwurk.