Man oppakt yn Griene Stjer

De plysje hat moandeitemiddei in 51-jierrige man út Ljouwert oanholden. Hy stie himsels ôf te lûken op it strân fan rekreaasjegebiet De Griene Stjer by Ljouwert. Meardere minsken seagen dat en warskôgen de plysje. De man moast mei nei it buro en sit fêst foar ferhoar.