Ferset tsjin skrassen ôffeart
De stap fan rederij Doeksen om nei de simmer te skrassen yn de tsjinstregeling nei Skylge en Flylân is ûnakseptabel en bûten alle proporsje. Dat seit boargemaster Schadd de Boer fan Flylân. In konflik dat net op Flylân spilet rekket dat eilân no it hurdst, seit se. Doeksen sit yn finansjeel swier waar en wol ûnrendabele ôffearten yn it winterseizoen skrasse. Foar Flylân soe dat betsjutte dat der deis ien fan de trije ôfearten ferfalt. Neffens de boargemaster moat Doeksen wer de iennigste rederij wêze dy't op de eilannen farre mei.