Súkses foar Fryske brassbands

Op it wrâld muzyk konkoers yn Kerkrade wie der sneon súkses foar twa brassbands út Fryslân. Yn de earste divyzje wûn de Spikerpakkeband út Opsterlân, se hellen 94 punten op it ferplichte wurk en 92 op in stik nei eigen kar. De Spikerpakkeband liet dêrmei de seis oare brassbands yn de earste divyzje royaal achter him.
Yn de tredde divyzje gie de winst nei Gloria Deï fan Gerkeskleaster-Strobos. Ek dizze Fryske brassband wie sterker as de konkurrinsje, foaral mei it ferplichte wurk.