Ferlies foar Nummerdor/Schuil

Op it wrâldkampioenskip beachfollybal yn it Poalske Stare Jablonki hawwe Richard Schuil en Reinder Nummerdor freed harren partij fan it Nederlânske duo Alexander Brouwer en Robert Meeuwsen ferlern. Mei 21-19 en 21-18 wiene Brouwer en Meeuwsen sterker as de twa rûtiniers.
Brouwer en Meeuwsen harren harren no kwalifisearre foar de achtste finales, Schuil en Nummerdor binne útskeakele.