Grien ljocht foar Molenplein

De ûntwikkeling fan it Molenplein op It Hearrenfean giet troch. Dat hat de gemeenteried fan Hearrenfean tongersdei yn grutte mearderheid besletten. Op it Molenplein moatte winkels, apparteminten en in parkeardek komme, mar fanwege grutte finansjele tekoarten by de gemeente like it plan fan de baan.
De ried hat no ynstimd mei in alternatyf finansieringsplan. In part dêrfan wurdt byelkoar brocht troch it parkearjild mei 5 sint te ferheegjen. Ek ha b. en w. in plan betocht om nochris 75.000 te fertsjinjen mei betelle parkearen op in nij plak.
De nije gemeenteried, dy't ein dit jier keazen wurdt, moat dan nochris 50.000 euro byinoar sjen te krijen troch te besunigjen. Wat de gemeenteried oanbelanget giet de skeppe noch dit jier de grûn yn op it Molenplein. Der binne al ôfspraken makke mei in private ynvestearder foar de bou fan it nije winkelkompleks. De gemeenteried fynt de bou fan it kompleks belangryk om it sintrum fan It Hearrenfean te fersterkjen. Ek smyt de bou wurkgelegenheid op.