'KNSB fynt eigen rapport min'
De KNSB en NOC*NSF wiene min te sprekken oer it rapport fan de eigen advyskommisje oer de nije topsportlokaasje foar it reedriden. Dat die tongersdei bliken by de rjochtsaak dy't ien fan de gadingmakkers, it Icedôme yn Almere, oanspand hie. Neffens it Icedôme moatte sy de nije topsportlokaasje wurde om't in advyskommisje dat sein hat.
De beide sportbûnen hawwe in definityf beslút dêroer útsteld. It Icedôme is it dêr net mei iens en wol de status no fia de rjochter ôftwinge. De rjochter docht op 19 july útspraak.