Omrop moat rektifisearje

It gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Omrop Fryslân moat in berjocht oer Wim Beintema foar in part rektifisearje. De Dokkumer kasinomiljonêr hat hjir woansdei in koart pleit oer wûn. De Omrop berjochte ein 2012 dat bedrigings oan it adres fan Beintema nep wiene. Dizze bedrigings soargen derfoar dat in feest organisearre troch Beintema troch de gemeente ôflast waard. De rjochter joech de Dokkumer gelyk. Omrop Fryslân moat it berjocht oanpasse en in rektifikaasje op de webside pleatse.
Omrop Fryslân hat 2 wiken de tiid om yn heger berop te gean en bestudearret de útspraak.
Ek de nijswebside Wâldnet krige fan de rjochter in tik op 'e fingers fanwege it negative kommentaar fan in besiker. Wâldnet moat it IP-adres fan dizze anonime ynternetter trochjaan oan Beintema en it kommentaar fuorthelje.