Schuil wint yndoartoernoai

Beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor ha snein yn Aalsmeer it yndoartoernoai CEV Satellite wûn. Yn de finale wûn it koppel yn twa sets fan it Poalske duo Michal Kadziola en Jakub Szalankiewicz mei 21-13 en 21-17. Schuil wûn ferline jier ek al, doe mei Jon Stiekema.
Richard Schuil sil dit jier foar de fyfde kear meidwaan oan de Olympyske Spelen. Yn it ferline kaam de Fries út foar it Nederlânsk sealfollybalteam. Yn 2008 die er foar it earst mei as beachfollyballer. Schuil hat oanjûn dat er as Olympysk feteraan beskikber is as flaggedrager foar Nederlân.
Yn prinsipe kaam tophockeyer Teun de Nooijer hjir as earste foar yn 'e beneaming. No't dy bûten de seleksje set is troch de hockeybûnscoach, wol Schuil dizze taak wol op him nimme, sa hat er witte litten.