2 miljoen frege foar tsjerken

De stifting ta behâld fan tsjerklike gebouwen freget moandei 2,1 miljoen euro subsydzje oan foar 56 tsjerkegebouwen. Foar dy tsjerken waard ferline jier de subsydzje-oanfraach ôfwiisd, omdat it jild op wie. Ofwiisde fersiken hawwe no foarrang.
De oanfragen mei de leechste kosten meitsje de measte kâns. De stifting hat hiel krekt besjoen wêr't subsydzje foar oanfrege wurdt. Dan giet it bygelyks om allinnich de tsjerketoer yn plak fan it hiele gebou, of allinnich de glês-yn-lead-ruten.
De oanfragen wurde moandeitemoarn persoanlik oerlange by de Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed yn Amersfoort.