Gadingmakkers Andriesenpriis

De provinsje rikt dit jier foar de twadde kear de Anita Andriesenpriis foar romtlike kwaliteit út. It tema is dit kear werstrukturearing en transformaasje. Om foar de priis yn de beneaming te kommen, moatte bedriuwen, organisaasjes of partikulieren de ôfrûne fiif jier in wichtige bydrage levere ha oan de ferbettering fan de romtlike kwaliteit yn Fryslân. Sy kinne har oant 9 septimber melde. Yn de sjuery sitte Niek Verdonk, stedsboumaster yn Ljouwert en Grins en stêdeboukundige Hilde Blank.
Yn 2010 gie de priis nei de gemeente Ferwerderadiel. De organisaasje fan de priis is yn hannen fan ARK Fryslân.