Ljouwert wint NK pitch en putt

Feriening Pitch en Putt Zuiderburen út Ljouwert is Nederlânsk kampioen foar klupteams wurden. Ljouwert wûn yn de finale fan de thússpyljende ploech Koekange. Nei de earste trije dûbels stiene de Ljouwerters noch mei 2-1 achter, mar se wûnen nei de singles mei 6-3. Fan freed oant en mei snein spylje Jasper Meinema, Stefan van den Berg en Ele Snieder fan deselde ferieniging it WK Pitch en Putt yn it Spaanske Santiago de Compestela. Pitch en Putt is golf op lytse banen fan maksimaal 90 meter.