Ultimatum foar Van Wijnen

FNV Bouw hat de direksje fan boubedriuw Van Wijnen freed in ultimatum steld. It bûn wol foar no tiisdei foar de ein fan de dei prate oer in fatsoenlik sosjaal plan. As dat net it gefal is, dan folgje fan woansdei ôf aksjes. Sa lit it FNV witte. It bûn wol op koarte termyn in sosjaal plan foar de wurknimmers van Van Wijnen op De Gordyk en Grins. Op De Gordyk ha 16 minsken dien krigen en yn Grins 14.
It sosjaal plan moat neffens it FNV yn elts gefal bestean út in trajekt foar help by it sykjen nei in nije baan en ôfspraken oer oplieding.
De FNV pleitet ek foar in langduorjend rjocht om by it bedriuw werom te kommen yn bettere tiden en in fatsoenlike ûntslachfergoeding.