Protest tsjin wynmûnen Iselmar
In tsiental organisaasjes hat tongersdeitejûn by de riedsgearkomste fan Súdwest-Fryslân protestearre tsjin de mooglike bou fan in grut wynmûnepark yn de Iselmar. It giet benammen om organisaasjes út Hylpen en omkriten. Se binne benaud dat de komst fan de wynmûnen in soad klanten kostje sil. De ried prate tongersdei oer de takomst fan wynenerzjy yn de gemeente. In mearderheid wol it ûndersyk nei de mooglikheid fan wynmûnen by de Ofslútdyk ôfwachtsje. As der wynmûnen yn de Iselmar komme moatte, dan moat it dêr mar, fynt de ried.