KEARN komt by jo dizze simmer
De maatskiplik wurkers fan KEARN reizgje dizze simmer yn in spesjale caravan troch Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen. Yn dizze healsliten caravan wolle se mei safolle mooglik minsken yn petear komme oer wat der libbet yn de doarpen en buerten fan beide gemeenten. De caravan is troch in keunstner moai beskildere sadat er bot opfalt. Sa hopet KEARN minsken te lûken dy't oars nea mei de maatskiplik wurkers yn de kunde komme soene.
It giet harren nei eigen sizzen om de gewoane minsken.
De caravan sil ûnder oare te finen wêze by de ferskate simmeraktiviteiten lykas sporteveneminten en buertfeesten.