Subsydzje foar Posthûs teater

De Kleine Komedie © ANP XTRA
It Posthûs Teater op It Hearrenfean hat in subsydzje fan 50-tûzen euro krigen fan de provinsje. It jild komt út de pot fan it projektburo A7-Westergo en is bedoeld foar it projekt 'Culturele Coöperatie'. It teater wol hjirmei keunst en kultuer en it kultureel erfguod in ympuls te jaan. Dêrfoar moat ynvesteard wurde yn de Fryske kultuer, moat kultuereel ûndernimmerskip stimulearre wurde en moat ynsettten wurde op it belang fan kultureel erfguod. Mei it jild fan de provinsje kin ûndersocht wurde oft it projekt opsetten wurde kin.