'Treinen Fryslân 200 km/oere'

Treinen fan en nei it Noarden moatte mei in snelheid fan 200 kilometer yn de oere ride. Dat fynt de ChristenUnie yn de Steaten fan Fryslân. Yn de Twadde Keamer is in moasje oannaam oer de nije intercitytreinen fan de NS. De keamer fynt dat dy treinen minimaal 200 kilometer yn de oere ride moatte kinne. Op dit stuit is it spoar fan Swol yn de rjochting Ljouwert net geskikt foar dizze snelheid. De ChristenUnie wol graach dat by grut ûnderhâld rekken hâlden wurdt mei in mooglik hegere snelheid.
Neffens foarsitter Anja Haga fan de CU moat oan de minister dúdlik makke wurde dat in hegesnelheidstrein foar it Noarden fan grut belang is.