Ofbrând pakhûs wurdt winkel

Yn it ôfbaarnde monumintale pakhûs oan de Skrâns yn Ljouwert komt in winkel mei trije apparteminten. Dat stiet yn de boufergunning dy't oanfrege is. It pân wurdt opboud efter de âlde monumintale gevel. Dy geveltablo's bin neffens histoarisy fan grut belang en kinne sa behâlden bliuwe. Dizze wike is it in jier lyn dat it gebou ôfbaarnde.