Deade man is Omar Kourrich
De man dy't ferline wike tongersdei ferbaarnd fûn waard op it parkearplak fan swimplak De Ulesprong by de Tsjûkemar is de 35-jierrige Amsterdammer Omar Kourrich. Dat is tiisdeitejûn bekend makke yn it programma Opsporing Verzocht. Neffens de plysje wie de man fan Marokkaanske komôf heit fan twa lytse bern.
It is net dúdlik wêrom't de man om it libben brocht is en wê'r't dat dien is. Syn auto, in blauwe Peugeot 206, is ek fuort.