IM rûnet saak-Klijnstra ôf
It Iepenbier Ministearje hat it ûndersyk nei de moard op Ida Klijnstra út De Blesse definityf ôfrûne. It IM giet der fanút dat Arjen van der S. út Frjentsjer by de moard yn juny 2008 belutsen wie. De man die himsels tekoart op it stuit dat de plysje him in pear dagen nei de moard oanhâlde woe. Dat de soan fan Arjen van der S. ek belutsen wie by de dea fan Klijnsma koe net bewiisd wurde.
It IM weriepene earder dit jier it ûndersyk. Der binne opnij tsjûgen heard en der waard in nije fertochte oanhâlden. Dy waard al gau wer frijlitten.
Dy persoan jildt net mear as fertochte. It IM hat gjin nije ynsjoggen mear yn it ûndersyk. De 52-jierrige Ida Klijnstra waard op 28 juny 2008 troch har man en famyljeleden oantroffen yn har wente. Se wie deasketten.