Epilepsyklinyk by MCL

It MCL yn Ljouwert krijt in spesjalistyske klinyk foar epilepsy. De klinyk is fan Stichting Epilepsie Instellingen Nederland SEIN en sil oanheakje by de ôfdieling neurology fan it sikehûs. De klinyk siet al op in oar plak yn Ljouwert, mar it wie in winsk om nei it sikehûs te ferhúzjen. Sa is in bettere ôfstimming mei de dokters fan it sikehûs mooglik.
De SEIN-klinyk yn Ljouwert behannelet ûngefear 150 epilepsypasjinten. It giet benammen om minsken mei in earnstige foarm fan dizze sykte.