Oerfal op snackbar yn Ljouwert

Twa manlju hawwe freedtejûn snackbar Ely's op de Valeriusstrjitte yn Ljouwert oerfallen. De beide meiwurksters fan 'e snackbar waarden bedrige mei in fjoerwapen en in mes. De oerfal wie om healwei tolven. De plysje is op syk nei tsjûgen.
Earder op de dei waard in echtpear op It Hearrenfean oerfallen yn harren hûs oan de Badwei. Se waarden bedrige mei in mes. De man krige in klap tsjin de holle mei it wapen. Ek yn dizze saak wol de plysje graach prate mei minsken dy't wat sjoen ha.