Aksje foar betiid swimme

Swimbad De Frosk © Omrop Fryslân
Fêste gasten fan swimbad De Frosk yn De Westereen binne in hantekeninge-aksje begûn om it swimbad op moandeitemoarn iepen te hâlden. De nije eigener fan it bad, de Conegroup, wol op moandeis it swimbad fan njoggen oere ôf iepenje. Earder wie it bad al om sân oere iepen om baantsjes te lûken. De besikers binne benammen teloarsteld omdat earder ek al besletten is om it bad op tongersdei ticht te dwaan.
Se binne benaud dat no minder minsken in abonnemint nimme sille en dat dêrtroch mooglik it bad op noch mear dagen ticht moat.