Referindum weryndieling Harns
Ynwenners fan Harns kinne woansdei nei de stimbus. Der wurdt in referindum hâlden oer de weryndieling. Fraach oan de boargers is of se ien wurde wolle mei Frjentsjerteradiel, It Bilt en Menameradiel of dat se fine dat Harns selsstannich bliuwe moat. Boargemaster Roel Sluiter hopet op in hege opkomst. Tritich persint fan de minsken dy't stimme meie, moatte meidwaan om it referindum jildich te ferklearjen. Woansdeitejûn om healve alven wurdt de útslach bekend makke.