Tropyske waarmte kommendeweis

It tropyske waar komt deroan, seit waarman Piet Paulusma. Tiisdei rinne de temperatueren op ta 23 oant 28 graden. Woansdei wurdt it 25 oant 30 graden. Yn de nacht dêrnei kâns op stevige buien, mei wetteroerlêst en swiere wynstjitten. Tongersdei wurdt it net waarmer as 21 graden.
Weerplaza warskôget foar waarmtestress foar woansdei yn it easten en noardeasten fan Nederlân. De gefoelstemperatuer dêr kin wol 38 graden wurde. Alderen en minsken dy't aktyf oan it wurk binne, moatte derom tinke. Se kinne lêst krije fan waarmtestuwing.