Kamerabylden fan mishanneling

De plysje hat kamerabylden fan de trije fertochten dy't ôfrûne freedtenacht op it Saailân yn Ljouwert in 17-jierrige jonge út de stêd slim mishannele hawwe. De fertochten binne alle trije dúdlik te sjen op de bylden. Dy komme fan bewakingskamera's op it Saailân.
De plysje ropt de fertochten op har binnen in wike tiid te melden. Dogge se dat net, dan makket de plysje de bylden iepenbier.
De jonge spruts de fertochten oan doe't sy ferfelende opmerkings makken nei in tal freondinnen fan him. It slachtoffer krige klappen en doe't er op de grûn lei, waard er tsjin de holle skopt. Fierders waard er slein mei it tsjil fan in fyts. De Ljouwerter rekke ferwûne en moast nei it sikehûs. Yntusken is er wer thús.