Jonge (14) berôve op strjitte

© Omrop Fryslân
In 14-jierrige jonge út Harns is sneontenacht om tolve oere hinne yn syn wenplak berôve fan syn nagelnije mobile tillefoan en fan syn jild. De jonge stie op it Zuiderplein by in snackbar doe't der twa jonges oankamen fanút de rjochting fan it sintrum. Sy pakten de jonge beet en smieten him op de grûn. Dêrop pakten se syn tillefoan en jild út syn jas.
De beide fertochten naaiden dêrnei út. De plysje is op syk nei tsjûgen.