Krimp op middelbere skoallen

In gemiddelde middelbere skoalle yn Nederlân hat oer 20 jier sa'n sân persint minder learlingen as no. Dat docht bliken út gegevens fan de Dienst Uitvoering Onderwijs. De leechrinnende skoallen lizze benammen yn gebieten bûten de Rânestêd. Der binne útsjitters oant goed 70 persint krimp op de middelbere skoallen fan Flylân en Skiermûntseach.
Op oare skoallen yn it Noarden rint it oantal learlingen op middelbere skoallen werom mei 30 oant 40 persint. It ûnderwiis ropt de polityk op om te antisipearjen op de krimp.