Brânbrief om hege kaden
It ferheegjen fan de kaden fan lytse fearten yn Fryslân kostet de wettersport miljoenen euro's. Dat skriuwt boatferhierder Kees Alberts fan Heech yn in brânbrief oan it Wetterskip. It Wetterskip ferheget de kadediken om it lân tsjin de ferheging fan it wetterpeil yn de Fryske boezem te beskermjen, mar dêrtroch sjogge boatsjeminsken neat mear. Ek al om't der reid op de diken en kaden groeit. En dan is de lol der gau ôf, seit Alberts. Mei de brânbrief hopet Alberts dat it Wetterskip siket om oare oplossings foar it hege wetterpeil.
Hy hat syn brief ek nei oare wettersportbedriuwen stjoerd mei de fraach oft ek sy by it Wetterskip oan de bel lûke wolle.