Rinte omheech, libben djoerder
De rinte sit yn de lift. Konsuminten moatte de kommende tiid rekken hâlde mei in oprinnende hypoteekrinte en hegere prizen yn de winkels. Dat seit fermogensbehearder Edwin Wierda yn petear mei Omrop Fryslân.
De hegere rinte hat te krijen mei soargen yn de finansjele sektor oer de ôfnimmende stipe fan it Amerikaanske regear foar de Amerikaanske ekonomy. Dy stipe soarge de ôfrûne moannen foar optimisme yn de finansjele sektor en lege rinten. Mar de stipe wurdt minder mei as gefolch dat de rinte wer omheech giet.
Wat de gefolgen foar de huzeprizen wêze sille, is neffens Wierda dreech te sizzen.