Opnij ferlies Schuil/Numerdor

Schuil en Nummerdor kamen der net oan te pas tsjin it Dútske duo © ANP
Beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor hawwe ek harren twadde wedstriid op it Grandslamtoernoai yn Scheveningen ferlern. It as earste pleatste duo ferlear yn trije sets (15-21, 21-18 en 11-15) fan it Dútske duo Thomas Kaczmarek en Sebastian Fuchs. Tongersdeitejûn nimme Schuil en Nummerdor it yn harren lêste groepswedstriid op tsjin de Amerikanen Todd Rogers en Ryan Doherty.