Klompe langer by Hearrenfean

Tieme Klompe hat syn kontrakt by SC Hearrenfean mei ien jier ferlingd. Klompe waard ferline seizoen yn 'e winterstop as assistint-trainer al taheakke oan de earste seleksje fan SC Hearrenfean. Mei de ferlinging fan Tieme Klompe stiet de trainersstêf fan Marco van Basten definityf fêst. Ek Henk Herder is takom seizoen wer assistint fan Van Basten.