Eksamens Fryslân hoege net oer

Fryske eksamenkandidaten hoege gjin eksamens oer te dwaan. De eksamens bliuwe jildich. Dat hat it College voor Examens oan it begjin fan woandsdeitejûn bekend makke. Tongersdeitemoarn wurdt de noarmearing fan it VMBO-eksamen ekonomy bekendmakke. Yn de rin fan de dei hearre de learlingen dan at se slagge binne of net. Ek alle learlingen fan de Havo en it VWO krije tongersdei de útslach. It wie net dúdlik oft de eksamens jildich bliuwe soene neidat op in skoalle yn Rotterdam eksamens stellen wiene.