Schuil en Nummerdor gean troch

De Ljouwerter beachfollyballer Richard Schuil en syn maat Reinder Nummerdor sette noch net in punt achter harren karriêre. Nei't se ferline jier op de Olympyske Spelen yn Londen krekt neist brûns grypten ha se wol even tocht oan ophâlden, mar se sette dochs noch in skoftke troch. Schuil en Nummerdor sille dizze wike yn Scheveningen har earste toernoai fan it seizoen spylje.
Oft dit ek ynhâldt dat se meidogge oan de Spelen yn Brazilië yn 2016 liket net wierskynlik. Schuil is 40 jier, Nummerdor 36.