'Nij doarpshûs Feanwâlden'
It doarpshûs De Mienskip yn Feanwâlden moat ôfbrutsen wurde en ferfongen troch nijbou. Dat seit de wurkgroep dy't de situaasje ûndersocht hat. Neffens de wurkgroep kin it sintrum fan Feanwâlden opwurdearre wurde mei in nij doarpshûs. Der moat in profesjonele pachter yn it gebou komme.
De gemeente Dantumadiel sil mei de útkomsten oan de slach. Der is al 800.000 euro frijmakke, mar der moat noch mear jild by. It doarp moat sels ek in bydrage leverje, bygelyks mei in ynsammelaksje of troch wurk sels te dwaan.