Aksje personiel Friesland Bank

Meiwurkers fan de Friesland Bank fiere tongersdei aksje. Yn it middeisskoft protestearje se tsjin it personielsbelied fan de Rabobank. De wurknimmers binne it net iens mei de legere funksjes dy't se krije by de Rabobank. It FNV hat dêroer praat mei de Rabobank, mar dy wol net tajaan. Moandei hat it fakbûn dat oan de meiwurkers fan Friesland Bank foarlein en is it beslút naam om aksje te fieren.
De Rabobank naam de Friesland Bank ferline jier oer. Meiwurkers fan de Friesland Bank krije dêrom nije funksjes by de Rabobank.