Mear Friezen mei skulden
It tal Friezen mei skulden dat help siket by de Kredietbank Nederland wie yn 2012 hast in tredde heger as it jier dêrfoar. Yn 2011 wiene der 1614 oanfragen. Ferline jier wiene dat 2102. De gemeente Ljouwert hie de grutste taname fan alle Fryske gemeenten. Fryslân wykt mei de sifers ôf fan it lanlik trochsneed. Oer hiel Nederlân wiene der 10 persint mear oanfragen. Ger Jaarsma fan de Kredietbank hat dêr gjin ferklearring foar.
Better wurdt it net. It tal oanfragen yn 2013 leit alwer heger as dat fan it earste fearnsjier yn 2012.