Timmermans nei FC Volendam
Doelman Theo Timmermans fan Garyp hat in kontrakt tekene by FC Volendam. De 23-jierrige Timmermans wie keeper by FC Veendam, mar dat gie earder dit jier fallyt. Syn nije klup hat him in kontrakt oanbean foar ien jier, mei in opsje op noch in jier.
Theo Timmermans sjoch de oergong nei Volendam as in moaie stap omheech yn syn karriêre.